media Leeuwarder Courant.jpg
2005-08-25 19:03

Schievink verspeelt eindzege aan Haanstra

GRIJPSKERK - Henk Schievink en Bart Helmholt stonden er gisteravond op de schansen van Grijpskerk beteuterd bij.

Door Edwin Fischer

Het hele seizoen hadden de twee ljeppers van fierljepklup Burgum afwisselend het pompeblêdenshirt, als leider van het ROC Friese Poort-klassement, om de schouders gehad. Op de laatste competitieavond ging het shirt echter naar Klaas Haanstra. Zijn in de voorronde gesprongen 18,17 meter bleek genoeg om als eindoverwinnaar van het klassement 2005 gehuldigd te worden. Hij sprong in totaal 126,34 bijeen, Schievink werd met 126,13 tweede. „Nei de Fryske titel ek noch It klassernint winne. It kin gewoan net better. Ik hie mysels noait yn steat achte om te winnen. Dat wie net in opsje, omdatst dan It hiele jier goed wêze moatst. En yn it ferline moast ik yn juny altyd earst goed wurde, wie ik yn july poerbêst en foel ik yn augustus wer werom. Miskien is it de erfaring, mar no is augustus myn alderbêste moanne oait wurden“, analyseerde Klaas Haanstra zijn onverwachte succes.

Hij was ook de eerste die riep dat de gelukkigste dit jaar met de klassementsprijs naar huis is gegaan. „Ast de wedstryd fan hjoed sjochst, dan kinst net oars sizze. Henk moast yn syn léste foarrûndesprong ’mar’ 17,76 springen. Dat kin hy oars maklik, mar no krekt net. En Bart hie 18,05 nedich en die dat krekt in sprong letter (18,26, red.), yn de finale dy’t net mear foar It klassement meitelt. It wie dus krekt as yn Winsum hiel spannend oft ik wol of net winne soe.“

Maar Haanstra won en deed dat met een dik persoonlijk record. De 35-jarige Ljepper kwam in zijn lange loopbaan nooit verder dan een klassement van 123,59 (2002), maar ljepte dit jaar met zijn 126,34 zelfs het derde beste klassement ooit bij elkaar. Alleen Marcel Nijboer was twee maal beter: 127,25 in 1999 en 126,79 het jaar daarvoor.

Als trouwens de beste zeven afstanden van Klaas Haanstra en Henk Schievink uit zowel de voorrondes als finales van de 23 voor het klassement meetellende wedstrijden (zonder NFM dus) opgeteld worden, blijkt Haanstra ook hier de beste. De Workumer komt dan tot een totaal van 128,00. Henk Schievink blijft daar 5 centimeter onder. „Moai al dy berekkeningen, mar ik ha it allegear sels ferprutst“, mopperde Schievink. „lk wist yn de lêste sprong dat ik 17,76 springe moast. Dat is gewoan simpel te dwaan, mar ik hie gjin grip op de wedstryd. Ik bin ek poerlulk op mysels. Ik gong hjoed as favoryt foar it klassemint fan start, mar no ha ik wer neat. Gjin Fryske titel, gjin klassemint. Ik stean mei lege hânnen.“

De reactie van Bart Helmholt was al niet veel anders. „Yn it Frysk sizze se ’better let as net’. No, sa fielt it no hielendal net. Ik bin bliid as ik in’ deititel win, mar op dizze wize hie it foar my net hoecht. Ik siet fjouwer kear goed yn de stok en ferpruts sels myn kâns om dy 18,05 te springen. Want dat hie der by dy tredde sprong gewoan dik ynsitten,“

„En dat wylst ik trije wiken ferlyn noch tocht dat it klassemint al yn de tas siet. Net dus. Op It NFM fiifde, op it Frysk kampioenskip net fierder kommen as it tredde plak en no ek mar tredde yn it klassemint. As ik no sneon it Nederlânsk kampioenskip net win, is it echt in ferlern seizoen wêst“, reageerde Bart Helmholt. „Foar my kin it al lang net mear kapot. Mar in NK winne, ach, dat kin der best noch wol by hear“, lachte Klaas Haanstra.